De geheime doar

Lida Dykstra


fry | 25-08-2025 | 112 pagina's

9789493318625

Hardback


€ 17,50

 Voorraad in de winkel
   Bestelbaar




Tekst achterflap

25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip. Lida Dykstra wie de earste Fryske Berneboeke-ambassadeur (2020-2022) en sawol har Fryske as har Nederlânske wurk wurdt geregeld bekroand mei in literêre priis. Sa is se bygelyks ûnderskieden mei de Zilveren Griffel, de Thea Beckmanprijs en de Simke Kloostermanpriis en waard se nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon. Leeftyd: 10+

Details

EAN :9789493318625
Auteur: 
Uitgever :Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Publicatie datum :  25-08-2025
Uitvoering :Hardback
Taal/Talen : fry
Hoogte :248 mm
Breedte :175 mm
Dikte :14 mm
Gewicht :372 gr
Status : Bestelbaar
Aantal pagina's :112
Keywords :  ferhalen;fries;frysk;jeugdboek;leesboek